Iepen Doarp: weromsjen op rige oer Feanwâldsterwâl

22 des 2018 - 19:11

Yn 129 ôfleveringen kamen de harkers fan Omrop Fryslân dit jier yn 'e kunde mei de ynwenners fan it doarp Feanwâldsterwâl. Sippy Tichelaar en Sjoerd Litjens makken de radioreportaazjes mei de titel Iepen doar(p). It wie in yntinsive opdracht dêr't Sjoerd Litjens de betinker fan is.

Foto: Simone Scheffer Omrop Fryslân

Hy beluts Sippy Tichelaar by it projekt. De twa sjoernalisten makken de ferhalen mei de bewenners fan it âlde feandoarp. In grut ferskaat oan ferhalen oer it doarp, mar ek oer de wize fan libjen en tinken fan doarpelingen kaam nei boppe. Somtiden heftich en emosjoneel, mar ek fleurich of konfrontearjend. It joech troch it jier hinne in moai byld fan de mienskip fan it doarp. Feanwâldsterwâl as symboal fan de plattelânsbefolking.

Ut de klauwen

Neffens Sjoerd Litjens begûn it mei in lyts idee en is it projekt behoarlik 'út de klauwen' rûn. Op in positive wize dan. Sa is der oant 6 jannewaris 2019 in eksposysje yn doarpshûs de Schierstins yn Feanwâlden oer Iepen Doar(p). Foar de sjoernalist wie it ek in weromkear nei it doarp dêr't er opgroeide. Syn ynstelling 'elk libben is in portret wurdich' brocht him op it idee foar Iepen Doar(p).

Buro de Vries fan snein 23 desimber

Sippy Tichelaar en Sjoerd Litjens fertelle oer de rige Iepen Doarp.

Der is ek in fotoboek makke fan it projekt. De foto's binne makke troch Trynstsje Nauta en Marieke Kijk in de Vegte. It binne foto's dy't de minsken en it libben yn byld sjen litte. It boek is te keap fia de webside fan Iepen Doar(p). Op deselde webside binne alle ôfleveringen dy't by Omrop Fryslân útstjoerd binne ek werom te hearren.

Buro de Vries

Snein 23 desimber sjogge we mei Sippy en Sjoerd werom op it projekt, dat ek ûnderdiel wie fan LF2018. Se makken sels in lytse seleksje fan de ôfleveringen dy't dan ek útstjoerd wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)