Ratatoelje #14: Kanadeeske Apple Crisp fan Jody

23 des 2018 - 12:15

Yn de kulinêre searje Ratatoelje fan Finster op Fryslân meitsje Friezen fan ferskillende eftergrûnen in gerjocht mei in ferhaal. Ien fan dy Friezen is de Kanadeeske Jody Weima. Jody wennet hjir no fiif jier mei har Fryske partner. Se fielt har thús yn it lân dêr't har pake berne is.

Foto: Klazina Hofstee - Foto: Omrop Fryslân

Jody Weima wennet sûnt fiif jier yn Fryslân. De leafde brocht har hjirhinne. Jody moete har Fryske partner op it ynternet. Se krigen in relaasje mar fanwegen de grutte ôfstân duorre dat net lang. Jierren letter setten se dochs troch en kaam Jody nei Fryslân.

It ferhaal fan Jody

Jody hat sels ek Fryske 'roots'. Har Fryske efternamme tankt se oan har pake, dy't yn 1951 fan út Wytgaard emigrearre nei Kanada.

Ik heb diep in mijn hart altijd geweten dat ik ooit naar Europa zou verhuizen

Jody Weima

Kanadezen bakke graach

Kanadezen bakke graach, en Jody hat it bakken al betiid leard fan har Skotske beppe en har styfmem. Se bakt graach gerjochten fan yngrediïnten dy't de measte minsken gewoan yn hûs hawwe. Lykas de Kanadeeske apple crisp.

Der sitte mar fiif Yngrediïnten yn:

  • Royal Gala appels
  • sûker
  • moal
  • bûter
  • kaniel

In lekker en maklik te meitsjen neigesetsje dat ideaal is foar de krystdagen. Yn it filmke lit Jody sjen hoe'st it makkest.

De Krystdagen wurde yn Kanada ek fierd mei lekker iten, lykas kalkoen. Tegearre ite soarget foar ferbining. Jody moast bot wenne oan har nije libben yn Fryslân, mar nei fiif jier fielt se har thús yn it lân fan har pake. Allinnich de snie yn de winter, dat bliuwt in grut gemis.

(advertinsje)
(advertinsje)