LDODK giet ûnderút tsjin better PKC

De kuorballers fan LDODK út Terwispel en De Gordyk hawwe sneontemiddei yn Papendrecht ferlern fan PKC. It waard 29-20 yn it foardiel fan de thúsploech, dy't troch de oerwinning fierder útrint yn it klassemint.
Kuorbal ynterview
Healwei de earste helte pakte thúsploech PKC in 8-4 foarsprong. By it skoft stiene de Friezen al mei 18-12 efter. Benammen Suzanne Struik fan PKC hie doe al sân kear de koer fûn. Yn de twadde helte makken beide ploegen om en om doelpunten, mar koe LDODK de oansluting mei Papendrecht net mear fine.
Kroon en Mulder oer ferlies LDODK tsjin better PKC

Folgjende wedstriid

It folgjende duel fan LDODK yn de Kuorbal League is op 13 jannewaris takom jier. Dan spilet de ploech thús tsjin Blauw-Wit Amsterdam. De Amsterdammers steane fjirde mei 10 punten, LDODK is fiifde mei 8 punten. De beste fjouwer teams geane nei de play-offs.
De wedstriid tusken LDODK en PKC wie dizze wike de 'Wedstriid fan de wike' by Omrop Fryslân. Alle wiken stiet op radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'. De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.