Crone: 'Boargemasters better beskermje yn striid tsjin kriminelen'

Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert fynt dat boargemasters better beskerme wurde moatte yn harren striid tsjin kriminelen. Hy seit dat tsjin EenVandaag. Crone sprekt út namme fan de fjirtich grutste gemeenten yn Nederlân syn soargen út oer de kwetsbere posysje fan boargemasters by bygelyks it sluten fan drugspannen.
© Gemeente Ljowuert
Der stiet dan op posters 'gesloten op last van de burgemeester'. Dat betsjut dat de boargemaster hieltyd mear yn it sicht komt fan kriminelen. Crone stelt foar om soksoarte aksjes tenei yn gearwurking mei plysje en justysje te dwaan. Dêrtroch wurdt de boargemaster minder in mikpunt, sa fynt de skiedend boargemaster.
Crone seit yn it ynterview mei EenVandaag dat hy sels noch nea bedrige is.