Voedselbank Snits is op syk nei in nij plak

22 des 2018 - 16:02

Voedselbank Snits-Wymbritseradiel wol ferhúzje nei in nij plak. It hjoeddeistige plak yn Snits op bedriuweterrein Houkesloot foldocht om in ferskaat oan redenen eins net mear. In definitive kar foar sa'n nije lokaasje is noch net makke.

De âlde lokaasje is te lyts en it bestiet út sa'n fiif ferskillende hokken. Dat is eins net effisjint en profesjoneel te brûken. Yn totaal is der trijehûndert fjouwerkante meter nedich. Der binne wol in pear opsjes, mar it moat wol útkinne. Mei in soad aksjes út de mienskip en strukturele help fan ûnder oare de tsjerken en de lanlike Voedselbank soe de ynrjochting fan in nij plak wol betelle wurde kinne.

De hjoeddeistige festiging fan de Voedselbank. - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

De Voedselbank hat by de gemeente ek om help frege; in hiergarânsje, seit foarsitter Tom Metz fan de Voedselbank. Súdwest-Fryslân jout dy help net, sa is Metz koartlyn dúdlik wurden. Metz: "De wethâlder fan Sosjale Saken seit dat de Voedselbank yn Snits oerstallich is. Ik fyn dat teloarstellend." Hy leit him der ek net by del. Mooglik giet der noch in brief rjochting de gemeenteried.

In wurdfierder fan de gemeente lit witte dat sy grutte wurdearring hawwe foar it wurk fan 'garitative ynstellingen'. Dêrom is der ek meitocht oer en meisocht nei in oar plak foar de 'Voedselbank' yn Snits. Oant no ta sûnder sukses, want net ien fan de oandroegen plakken wie de minsken fan de Voedselbank nei 't sin. Finansjeel stipet de gemeente net, omdat sy fan betinken is dat it minimabelied al goed regele is.

Trefwurden: 
Snits Voedselbank
(advertinsje)
(advertinsje)