Tûzen krystmanlju drave troch de Ljouwerter binnenstêd
In lytse tûzen krystmanlju rûnen sneon yn Ljouwert troch de binnenstêd. It wie de sechsde edysje fan de Santa Run yn de Fryske haadstêd. De opbringst giet nei in goed doel. Dit jier is dat de Fryske Stichting TOF. Dy organisearret fakânsjes foar minsken mei in ferstanlike beheining. Dielnimmers koene kuierje of hurddrave.