FIDEO: PKC - LDODK yn de Wedstriid fan de wike

De Wedstriid fan de wike is dizze kear it duel yn de Kuorbal League tusken PKC út Papendrecht en LDODK fan De Gordyk en Terwispel. PKC stiet earste, LDODK fjirde. Sneontemiddei om 15.30 oere sille de Friezen der alles oan dwaan om kuorbalhistoarje te skriuwen troch de allerearste winst yn Papendrecht te heljen.
Omrop Fryslân hat de 'Wedstriid fan de wike'. Alle wiken stiet op radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'. De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.