Swimestafette foar ALS op It Hearrenfean is in grut sukses

22 des 2018 - 13:36

Nei in suksesfolle earste edysje fan de saneamde 'krystswimestafette' besleat swimferiening HZ&PC fan It Hearrenfean it dit jier te werheljen, mar dan foar in goed doel: stichting ALS Nederland. Se hiene hope sa'n 3.000 euro op te heljen, mar mei noch in pear dagen te gean sit de swimferiening al op 23.000 euro.

Swimme - Foto: Shutterstock.com

De aksje is in grut sukses. It jild wurdt ophelle mei in swimestafette dy't sneontejûn plak fine sil. De sponsor fan de swimestafette wie al aktyf foar minsken mei de spiersykte. Dêrom waard dit doel keazen. No't de 23.000 euro al helle is, stelt de feriening har doel by en hopet 25.000 euro op te heljen. De aksje rint noch oant 31 desimber.

(advertinsje)