Mar-athon fan Snits kin ek op de fyts

De Mar-athon fan Snits wurdt it kommende jier flink útwreide. Sa komme der mear hurddraafôfstannen en is der in wedstriid foar bern. Mar der komt ek in ekstra dissipline by, want der kin no ek op de fyts meidien wurde. Dat makke de organisaasje sneon bekend op in parsekonferinsje foarôfgeand oan de start fan de ynskriuwing.
© Jitze de Vries
Neffens Syb van der Ploeg, ien fan de organisatoaren fan it evenemint is it nedich om te fernijen. "We binne no foar de fiifde kear dwaande mei dy Mar-athon en je fernimme dat der by de fêste dielnimmers ek ferlet is fan nije eleminten en rûtes. Ik bin sels ek hurddraver en begryp dat dus ek goed."

Net mear starte yn Terherne

Grutste feroaring yn de rûte is dat der net mear starten wurdt yn Terherne, sa as it de ferline edysjes by in part fan de rûtes wol dien waard. "Dat wie altyd in hiel soad gedoch en ek relatyf djoer omdat de minsken der mei bussen hinne moasten. Boppedat moast je ek der in startlokaasje ynrjochtsje en dat is allegear net om 'e nocht." Troch dat no te skrassen kinne de kosten wat leger hâlden wurde en is der neffens Van der Ploeg romte foar in bettere oanklaaiïng fan it parkoers.
© Evert van den Berg

In famyljeaktiviteit

Dat der no ek fytst wurde kin moat fan it evenemint ek mear in famyljeaktiviteit meitsje. It is de bedoeling om sa folle mooglik minsken de kâns te jaan om mei te dwaan. Op sneon binne der neist de hurdrinwedstriden dêrom kuiertochten ynpland en op snein is der neist in mountainbiketocht ek in famyljefytstocht.
De organisaasje fan de Mar-athon wurket dit jier ek gear mei it Healthy Aging Network Noord Nederland, om te besykje ek nije groepen aktyf te krijen. De lêste kear wiene der sa'n 6000 dielnimmers, mar de organisaasje hopet der yn 2019 oerhinne te gean.
Mar-athon fan Snits kin dit jier ek op de fyts