Minister Van Nieuwenhuizen sil net yngripe by sânwinning

Minister Cora van Nieuwenhuizen sjocht gjin reden om mei de provinsje Fryslân yn petear te gean oer it beslút oer de sânwinning yn de Iselmar. Dit seit de minister yn in brief nei oanlieding fan Keamerfragen, steld troch Twadde Keamerleden Kröger en Bomet fan GrienLinks.
It sanwinningseilan sa as it der neffens Royal Smals utsjen giet © Byld: promofilm Royal Smals
Earder waard der in moasje yntsjinne wêryn't it regear frege waard in oersjoch te meitsjen fan alle stappen dy't naam binne om ta it beslút foar sânwinning yn de Iselmar te kommen. Dy moasje waard unanym oannaam. Yn in brief fregen de Twadde Keamerleden de minister fan Ynfrastrukteur en Wettersteat om mei de provinsje Fryslân yn petear te gean oer in mooglik bredere ôfwaging fan it beslút. Dat is neffens de minister net nedich, om't alle partijen de fereaske prosedueres folge hawwe.

Fragen oer de natuer en oerlêst

Yn it brief waard ûnder oare frege oft der wol genôch om de natuer en omjouwing yn it kwetsbere Natura 2000-gebiet tocht wurdt. Neffens de minister binne alle aspekten foar de fergunningsoanfraach ûndersocht en beoardiele. Dat it gebiet gefolgen ûnderfine sil fan de sânwinning is neffens de minister net út te sluten. "Mar", seit Van Nieuwenhuizen, "der hat goed ûndersyk west nei de lokaasje."
Oer de lûdsoerlêst fan de skippen dy't sân ferfiere, seit de minister dat der altyd wol skippen op de Iselmar farre en dat dit net foar mear oerlêst soargje sil.

Wêrom yn de Iselmar?

Op de fraach wêrom't der net yn in oar gebiet sân wûn wurdt dêr't it minder skealik is foar de natuer, is it wichtich om te witten dat it giet om de soart sân yn de Iselmar. It sân út de Noardsee is minder geskikt. Boppedat moat dêr ek it sâlt noch úthelle wurde. Ek is it sânwinnen út de Noardsee in djoer proses.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Ferset tsjin de plannen

Yn de plannen foar de sânwinning wurdt tritich jier lang, oer in oerflakte fan 218 hektare, oant 60 meter djipte, sân ôfgroeven foar de kust fan Aldemardum. Ek sil der in eilân fan sa'n 17 hektare grut, mei hege silo's fan 22 meter oanlein wurde. Natuerorganisaasjes en omwenners fersette harren tsjin de plannen. Se binne benaud dat it plan skealik is foar de natuer. Omwenners binne ek benaud foar oerlêst fan it wurk.