Omrop TIP: Zwarte Parels, efter de skermen by De Stormruiter

Jasper 366, Jurre 495 en Tsjalle 454 binne njonken Jelle de Jong, Ellen ten Damme en Annemaaike Bakker de haadrolspilers yn de bysûndere teäterfoarstelling De Stormruiter. Yn Zwarte Parels in blik efter de skermen by ien fan de grutste evenminten fan 2018.

117 hynders

Yn de dokumintêre wurdt efter de skermen sjoen mei akteur Jelle de Jong en de hynders. Mei 117 hynders yn de haadrol wie De Stormruiter ien fan de grutste lokaasjefoarstellingen fan LF2018. Wêrom is it Frysk hynder sa populêr en hoe meitsje je teäter mei hynders as akteurs?

Betrouwen opbouwe

Zwarte Parels folget haadrolspiler Jelle de Jong yn syn trainingen om it hynsteriden ûnder de knibbel te krijen. Hy trainde in jier lang om bertrouwen op te bouwen mei de Fryske hynders
De Fryslân DOK dokumintêre 'Zwarte parels' is snein 23 desimber fan 17.00 oere ôf alle oeren te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje.