Kollum: "Epke Zonderland syn ferhaal"

22 des 2018 - 08:19

"Dizze wike foel der in boekje by ús op de matte. Op it omkaft stienen de bruorren Epke en Herre Zonderland. Jim kenne se grif wol. Yn it boekje ûnder oare in petear mei de famylje Zonderland. Epke is de kommende jierren it gesicht fan soarchfersekerder De Friesland. It boekje besloech 40 siden mei aardige ynformaasje oer fan alles en noch wat.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Fedinand de Jong

Ien fan de artikels foel my daliks op. Gezond verstand, stie der boppe, mei dêrûnder de stelling: Zorgrobots zijn dé oplossing tegen eenzaamheid. Daliks kaam myn beppe my yn it sin. Dy wenne, neidat pake wei wie, noch in skoft yn harren hûs yn Sint Jânsgea, dêrnei hat se har lêste tiid yn Heremastate op It Hearrenfean trochbrocht. Altyd bliid as der ien op besite kaam, altyd ree foar in praatsje. Myn beppe wie in apart meubel, se hie it oer de snelkoker as se myn racefyts bedoelde. Mar se wie net demint, oan de ein ta hie se in goed ferstân. Ik kin my werklik net yntinke dat beppe bliid wurden wie fan in robot dêr't se tsjin prate koe. Se stie dêrfoar fierstente middenyn it libben.

Yn it artikel fertelt Ilona Oosterik, dy't yn de deibesteging wurket, dat deminte âlderein bliid wurde kin fan in knuffelseehûn. In robotpop dy't sa no en dan in lûd jout. No ha we dit jier sjoen dat der party minsken blykber bliid wurde kinne fan mânske ynfleine Frânske poppen, dus hiel frjemd is dat net. Oosterik seit der daliks by dat de robots nea hielendal it minsklik kontakt ferfange kinne, al binne se noch sa moai.

De twadde sprekker yn it artikel is produsint fan de robots, dus dy syn miening is nochal kleure en foarsisber. De man stelt dat er de earste âldere noch tsjinkomme moat dy't net bliid mei in robot is. No sei eks-D66 foaroanman Alexander Pechtold ek al ris soks: 'Ik moet de eerste Rus noch tegenkomen die zijn fouten zelf rechtzet,' en dy stelling rekke ek kant noch wâl.

Dus komme wy by de tredde sprekker, gedrachswittenskipper John Roeden. Dy sei it folgjende: 'Een zorgrobot is niet de oplossing tegen eenzaamheid, net zo min als een mens van vlees en bloed dat is. 'Eenzaamheid zit voor een deel in de mens en wordt bijvoorbeeld veroorzaakt door het wegvallen van de partner. Ook wanneer er dan honderd mensen om je heen staan kun je eenzaam worden.'

Hy sjocht mear yn sels de rezjy hâlde yn it lêste part fan jo libben. En dêr bin ik it hielendal mei iens. It libben moat weardich wêze. As je dy weardichheid fine yn in knuffelseehûn, is dat moai en moat soks ek foaral mooglik wêze. Mar earlik sein fyn ik in robot as ferfanging fan echt minsklik kontakt by definysje in ferearming. Ynvestearje yn echte soarch, mei echte hannen oan it bêd, mei in praatsje as de suster moarns jo ruft ferskjinnet. Dat makket it libben weardich en wurdich om noch te libjen as je josels net mear rêde kinne. Ik sjoch myn mem noch by beppe sitten yn har lêste skoftsje. Mei in wattestokje har mûle in bytsje wiet hâlde, sa no en dan in wurd. It spyt my, mar neffens my kin dêr gjin inkelde robot tsjinoan, al hoe keunstmjittich yntelligint se ek programmearre binne.

Ik hoopje dat Epke Zonderland as gesicht fan De Friesland dát ferhaal fertelle sil. It minsklike ferhaal."

(Advertinsje)
(Advertinsje)