Fjoerwurkteams hawwe it drok mei hieltyd swierder fjoerwurk

22 des 2018 - 07:15

De plysje hat dit jier sa'n 3.500 kilo swier, faaks yllegaal fjoerwurk yn beslach naam yn Noard-Nederlân. De ferwachting is dat dit de lêste dagen fan dit jier mear wurdt, sadat de totale fangst op 4.000 oant 5.000 kilo útkomt. Dat is ûngefear likefolle as ferline jier. It fjoerwurk dat yn beslach naam wurdt, wurdt wol hieltyd swierder en komt út Poalen en oare Eastbloklannen.

Foto: ANP

Friezen dy't dit soarte fjoerwurk besteld hawwe, rinne in grut risiko at se it ôfstekke. Dat jildt ek foar omwenners fan de huzen dêr't dit fjoerwurk leit. Reden foar de plysje om noch yngrevener as oare jierren nei dit fjoerwurk te speuren.

Sa kontrolearret it fjoerwurkteam fan de plysje postdistribúsjesintra op fertochte pakketsjes en sykje resjersjeurs op it ynternet. Ek dogge minsken fia de telefoanline Meld Misdaad Anoniem meldingen fan swier, yllegaal fjoerwurk.

Sylvia te Wierik, distriktssjef fan de plysje Fryslân

"Postpakketten die bij distributiecentra binnenkomen worden door ons onderschept. Als ze bij het huis aankomen, gaan wij naar die mensen toe. En zorgen we dat wij die pakketten ophalen", seit Sylvia te Wierik, distriktssjef fan de plysje Fryslân. "Wij ervaren dat mensen het gevaar van dit zware vuurwerk echt onderschatten."

"Ook de risico's van onberekenbaar knalvuurwerk, dat steeds zwaarder wordt, en het effect ervan op het milieu worden onderschat", ferfolget Te Wierik.

Pieter van Veen, koördinator fan de fjoerwurkienheid Noard-Nederlân

"It giet om profesjoneel fjoerwurk. Dat komt fia Poalen, Itaalje of Sina binnen", fertelt Pieter van Veen, koördinator fan de fjoerwurkienheid Noard-Nederlân. "De ILT kontrolearret de distribúsjesintra. Dy ûnderskept postpakketten en ûndersyket dy op fjoerwurk. En dan gean wy der fierder mei."

Minsken kinne anonym belje en ynformaasje oer yllegaal fjoerwurk trochjaan. "Wy witte net wêr't dy melding wei komt. Nei sa'n tillefoantsje weagje wy ôf of't we earne nei binnen kinne."

Trefwurden: 
plysje fjoerwurk
(Advertinsje)
(Advertinsje)