Tony Demelinne soarget foar grutte winst foar UNIS Flyers tsjin Amsterdam Tigers

21 des 2018 - 23:11

De manlju fan UNIS Flyers namen it freedtejûn op tsjin de Amsterdam Tigers. Dat diene sy lykwols net yn harren fertroude Thialf. De wedstriid waard hâlden yn de Elfstedenhal yn Ljouwert, omdat de iishockeyhal yn Thialf tydlik sletten is. De wedstriid luts mar in pear hûndert besikers, wylst der op It Hearrenfean hast altyd wol fol sit. De Flyers liken de Tigers maklik oan te kinnen. It waard 8-1.

Foto: UNIS Flyers

De wedstriid sette fuort knallend útein. Maarten Brekelmans fan de tsjinstanner skeat de puck fuortendaliks al yn it doel en brocht de Tigers op in foarstân fan 0-1. De Feansters joegen lykwols gau fan replyk. It wie oardel minút letter Tony Demelinne dy't de 1-1 makke. In kertier yn wedstriid helle Trevor Hunt út fan de blauwe line ôf, wêrtroch't de puck it goal yn sweve. Mei 2-1 tuskenstân giene sochten beide ploegen de klaaikeamers op.

Twadde perioade

It wie Demelinne dy't de twadde perioade iepene. Hy skeat syn twadde doelpunt fan de jûn. In pear sekonden letter wie it syn ploechmaat Ronald Wurm dy't de 4-1 makke. Pas tsjin de ein fan de twadde perioade waard der wer skoard. Troch Bezak dizze kear: 5-1.

Tredde perioade

Ek yn de tredde perioade liken de Feansters de sterkste. It wie Demelinne dy't yn de 50ste minút de 6-1 makke en koart dêrnei de 7-1. Krekt foar de ein fan de wedstriid slagge Jasper Nordemann der noch yn om de 8-1 te meitsjen.

Oankommende snein spilet UNIS Flyers wer en nimt it dan op tsjin Chiefs Leuven yn Leuven.

(Advertinsje)
(Advertinsje)