Plysje rôlet trije himpplantaazjes op yn Ingelum
Op it hiem fan in wenning oan de Tilledyk yn Ingelum hat de plysje freed trije himpkwekerijen ûntdutsen. De kwekerijen stiene yn in laadromte fan in frachtwein en yn twa oplizzers.
Yn totaal trof de plysje goed 500 wytplanten oan. De 56-jierrige bewenner is troch de plysje as fertochte heard. Alle hennepplantaazjes en apparatuur binne troch de plysje yn beslach naam, lykas de frachtwein en oplizzers.