Bakker Boonstra út Akkrum nominearre fan lanlike priis

21 des 2018 - 22:05

Marten Boonstra, de Echte Bakker út Akkrum is nominearre foar de titel Beste Echte Bakker 2019. Hy sit by de bêste tsien Echte Bakkers fan Nederlân. Hjirmei is hy yn de race om de trofee fan it jier te winnen, 'De Gouden Schieter'.

Foto: Google Street View

De einrangskikking wurdt, sa as elts jier, útfierd troch de Radboud Universiteit Nijmegen en komt ta stân nei in woegen gemiddelde fan de sifers dy't helle binne by kwaliteitskeurings, de produktkompetysjes en winkelbeoardielings.

Grutsk

Foar Marten Boonstra is it neist in drokke desimbermoanne no ek in spannende tiid. Boonstra: "Dit is de earste kear dat ik nominearre bin. Ik bin ûntsettend grutsk op myn team minsken yn de bakkerij. It hiele jier wurkje we hurd mei ús allen oan bôle- en banketproducten fan in sa heech mooglike kwaliteit. En om dan yn de top tsien te stean is in prachtige beleaning".

Wa't De Gouden Schieter foar Beste Echte Bakker yn ûntfangst nimme mei, wurdt op woansdei 19 jannewaris 2019 bekendmakke.

(advertinsje)
(advertinsje)