Doelpunterein foar froulju SC Hearrenfean tsjin VV Alkmaar

De froulju fan SC Hearrenfean hawwe freedtejûn mei sukses ôfrekkene mei VV Alkmaar. Op it sportpark AFC'34 wiene de Feansters fierstente sterk foar de gastfroulju; it waard 0-7 foar de besikers. Dêrmei dogge de froulju goeie saken en hâldt Hearrenfean kâns op in plak yn de kampioenspûl.
Fuotbal © Shutterstock.com
Yn de tsiende minút sette Fenna Kalma de Feanfroulju op foarsprong. Fjouwer minuten letter wie it alwer 0-2. Quinty Sabajo makke mei in kreaze lob in doelpunt. Krekt foar it skoft foel de tredde goal foar SC Hearrenfean fan Tiny Hoekstra.
Ek nei it skoft bleaune de Friezen better. Hoekstra sette Hearrenfean yn de 58ste minút op leafst 0-4. Yn de slotfaze fan it duel makken Kalma, Hoekstra en nochris Hoekstra dien wurk. Foar SC Hearrenfean sit it fuotbal der foar dit jier op; pas op 1 febrewaris spilet de ploech wer, dan tsjin ADO Den Haag.