De Friesland keapet by alle Fryske sikehuzen soarch yn

21 des 2018 - 19:22

Soarchfersekerder De Friesland hat by alle Fryske sikehuzen soarch ynkocht foar takom jier. Ek mei it UMCG yn Grins en de Sionsberg yn Dokkum binne ôfspraken makke troch de soarchfersekerder.

Soarchfersekerder De Friesland - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Yn de kontrakten binne ôfspraken makke oer it ûnder kontrôle hâlden fan de soarchkosten en oer de finansjele romte dy't nedich is om ynfolling te jaan oan it konvenant Fries Zorglandschap. Dêryn wolle de fjouwer Fryske sikehuzen mear mei-inoar gearwurkje.

Soarch fergoede

Minsken mei in fersekering fan De Friesland kinne sadwaande by alle Fryske sikehuzen terjochte foar plande soarch. Dy soarch wurdt dan folslein fergoede troch de fersekerder. Ek minsken dy't de 'budzjetpoalis' hawwe, kinne oeral yn Fryslân terjochte.

Trefwurden: 
sikehûs De Friesland soarch
(advertinsje)
(advertinsje)