Cambuurtrainer Hake: "De spelers moeten nu leveren"

21 des 2018 - 19:16

Cambuurtrainer René Hake jout in bysûnder sinjaal ôf oan de spilers, nei de minne wedstriid fan woansdei tsjin Fortuna Sittard. De Ljouwerters moatte snein wer yn Limboarch spylje en de bedoeling wie dat de seleksje sneon al ôfreizgje soe rjochting Maastricht. Yn Limboarch soe dan oernachte wurde. Troch dizze lúkse regeling is lykwols in streek helle troch de trainer.

De seleksje giet no sneintemoarn betiid rjochting Maastricht. "De spelers moeten weten dat wij iedere wedstrijd weer trachten de beste randvoorwaarden te creëren. Woensdag bijvoorbeeld zijn we vroeg vertrokken en hebben we gezorgd voor een lunch en een sportmaaltijd", seit Hake.

"Dan moeten de spelers vervolgens wel leveren en dat is niet gebeurd. Ze hebben niet het maximale er uit gehaald. Dat willen we nu wel zien van de spelers, vandaar deze maatregel."

Stêf hopet wat los te meitsjen

De maatregel kin dus sjoen wurde as in straf, wêrmei't de stêf hopet wat los te meitsjen by de spilers. Oanfierder Robbert Schilder hat wol begryp foar de beslissing fan de trainer. "Bij Cambuur zijn deze dingen altijd dik voor elkaar. Bij andere clubs is dat vaak niet zo. Maar uiteindelijk gaat het er wel om wat wij op het veld laten zien. Dat was woensdag te weinig", seit Schilder.

Noch gjin opstelling

Hake koe noch net in opstelling jaan. It wie freed de twadde dei nei de wedstriid en dan komme meastal wol wat lytse klachten los. Hake: "We zullen zaterdag bekijken wie het meest fit zijn." Cambuur en MVV stean op de ranglist ticht by inoar. De ploech út Maastricht hat ien punt mear as Cambuur (26 om 25 punten). By winst giet Cambuur oer MVV hinne en dêrmei soenen de Ljouwerters ek wer yn it linker rychje komme.

Trefwurden: 
Ljouwert SC Cambuur fuotbal MVV
(Advertinsje)
(Advertinsje)