Anja Haga twadde op Europeeske kandidatelist ChristenUnie
Ald-steatelid en wethâlder Anja Haga fan Dokkum stiet op it twadde plak fan de kandidatelist fan de ChristenUnie, foar de Europeeske ferkiezingen. Dy wurde yn maaie takom jier hâlden. Haga wurket op it stuit as akkountmanager by Steatsboskbehear.
Anja Haga
Anja Haga oer har kandidaatstelling foar de europeeske ferkiezings
It partijbestjoer sjocht yn Haga in 'zeer effectief en gewaardeerd' politika. Listlûker fan de ChristenUnie foar de Europese ferkiezingen is Peter van Dalen, dy't no ek Europarlemintariër is.
Anja Haga wie wethâlder yn Arnhem en dêrfoar ek steatelid foar de ChristenUnie yn Fryslân.