Kollumer Hartekamp omtsjoend ta krystmerk

21 des 2018 - 18:30

It bin de tsjustere dagen fan desimber. Alle reden om dêr wat ljocht yn te bringen. En soks bart dan ek wolris op plakken dêr't je it net fuortendaliks ferwachtsje. Lykas freedtemiddei yn Kollum. Dêr wie it Hartekamp omtsjoend yn mearke-eftige krystsfear, mei alles der op en der oan.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Boppe it fjoer hong in pot mei snert, de skiep sochten wat beskutting tsjin de hurde wyn mei help fan de harders, en yn de gesellige tinte wie allerhande guod, as lekkernijen, kryststikjes en ambachtskeunst te krijen.

Hichtepunt wie de smûke stâl fan it Hartekamp. Dêr wie, tusken it strie en de waarme bisten, ek plak foar Joazef en Maria en foar poppe Jezus yn de kribbe. In ingelekoar makke it mearke-eftige krystplaatsje hielendal kompleet. It Hartekamp sels en de organisearre krystaktiviteiten binne in inisjatyf fan Pleatslik Belang yn Kollum.

Ferslachjouwer René Koster wie yn Kollum

(Advertinsje)
(Advertinsje)