Tweintich moannen sel foar dieder (22) stekpartij Ljouwert

In 22-jierrige Ljouwerter is freed troch de rjochtbank feroardiele ta tweintich moannen sel en noch tsien moannen ûnder betingst. De man stuts yn novimber 2016 op 'e Nijstêd yn Ljouwert in 24-jierrige stedsgenoat twa kear mei in mes yn 'e rêch. In oare fertochte dy't it slachtoffer treaun, krige in wurkstraf fan 150 oeren foar iepenlike geweldpleging.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De rjochtbank fan Ljouwert fûn besykjen ta deaslach bewiisd. It slachtoffer rûn troch de stekpartij in klaplong op en moast yn it MCL operearre wurde. De twadde stekwûne siet tichtby it senuwstelsel fan de man.

Earder feroardiele

It slachtoffer hie it opnommen foar in dronken man dy't troch de fertochten lestich fallen waard. De yn totaal trije fertochten woene net sizze wa't stutsen hie, mar út it bewiis waard ôflaat dat de 22-jierrige Ljouwert dat dien hie. Yn jannewaris foarich jier waard er ek al feroardiele foar twa geweldsdelikten. Hy moat it slachtoffer ek trijetûzen euro smertejild betelje.