Hayo Apotheker wurdt waarnimmend boargemaster yn Noardeast-Fryslân

21 des 2018 - 16:38

Ald-boargemaster Hayo Apotheker fan Súdwest-Fryslân wurdt waarnimmend boargemaster fan de nije gemeente Noardeast-Fryslân. Hy bliuwt yn funksje oant der mids takom jier in fêste boargemaster oansteld wurdt.

Hayo Apotheker - Foto: Omrop

Apotheker hat ûnderfining mei it lieden fan fúzjegemeenten. Oant foar koart wie er waarnimmer yn de gemeente Waadhoeke. En hy wie ek de earste boargemaster fan de fúzjemeente Súdwest-Fryslân. Mei hast 37 tsjinstjierren is Hayo Apotheker de meast ûnderfine boargemaster fan Nederlân.

Ek bekende gesichten by kandidaat-wethâlders

By de kandidaat-wethâlders foar Noardeast-Fryslân sitte ek bekende gesichten. Sittend wethâlder yn de gemeente Dongeradiel, Pytsje de Graaf, is troch har partij, de FNP, foardroegen. Lykas har kollega dêr, Esther Hanemaaijer fan it CDA. Ald-CDA-er Jouke Douwe de Vries is beëage wethâlder foar de nije partij S!N. VVD-wethâlder Jelle Boerema fan Kollumerlân c.a. is ek foardroegen foar it nije kolleezje fan Noardeast-Fryslân. De ChristenUnie skoot Theo Berends nei foaren. Dy is no wethâlder yn de gemeente Eemsmond.

(advertinsje)
(advertinsje)