Noch gjin útspraak yn bernepornosaak

21 des 2018 - 16:09

De rjochtbank hat freed noch gjin útspraak dien yn de saak tsjin in man út Surhuzum dy't fertocht wurdt fan besit en fersprieding fan berneporno. De rjochtbank wol dat earst fierder ûndersyk dien wurdt nei it pornomateriaal, dat op twa laptops en in hurde skiif fan de fertochte stie.

Laptop - Foto: Shutterstock.com

Ek moat dúdlik wurde wannear't bepaalde bestannen dêr ôfhelle binne. As dat ûndersyk dien is, moat der sa gau mooglik in nije sitting komme, hat de rjochtbank sein.

Justysje easke ferline wike oardel jier sel tsjin de man. Op kompjûters by him thús waarden ferline jier goed 7.000 foto's en films fûn mei berneporno. De fertochte is trije jier lyn ek alris feroardield foar it besit fan berneporno. Hy rûn noch yn in proeftiid.

(Advertinsje)
(Advertinsje)