Wedstriid fan de wike: Foarútblik op PKC-LDODK mei André Zwart

21 des 2018 - 16:02

De Wedstriid fan de wike is dizze kear it duel yn de Kuorbal League tusken PKC út Papendrecht en LDODK fan De Gordyk en Terwispel. PKC stiet earste, LDODK fjirde. Fan de tolve kear dat de ploegen tsjininoar spilen, wûn PKC tsien kear. Yn Papendrecht wist LDODK noch nea in punt te heljen. Sneontemiddei om 15.30 oere sille de Friezen der alles oan dwaan om kuorbalhistoarje te skriuwen troch de allerearste winst yn Papendrecht te heljen. LDODK-oanfierder André Zwart sjocht foarút.

PKC-LDODK mei André Zwart

André Zwart spilet al sûnt syn 17e yn it earste fan LDODK. De 30-jierrige Gordykster wie alris topskoarder yn de Kuorbal League en helle mei LDODK twa jier lyn de play-offs om de lânstitel. Se ferlearen doe fan TOP Sassenheim yn de heale finale.

It grutte doel is om yn de Ziggo Dome de finale te spyljen om it kampioenskip fan Nederlân.

Dêrfoar moatte se as earste by de beste fjouwer ploegen yn 'e kompetysje einigje. De twa beste ploegen yn de play-offs spylje úteinlik de finale.

Foarútblik PKC-LDODK mei André Zwart Argyf

Yn de 'Wedstriid fan de wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'. De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)