Deadlike ferkearsûngelokken yn Fryslân yn 2018 ôfnaam

Yn Fryslân binne der dit jier oant no ta sechstjin deaden fallen troch ferkearsûngelokken. Dat is flink minder as foarige jierren. Yn 2017 kamen der noch 26 minsken om it libben yn it ferkear en yn 2015 en 2016 sels 33.
© Omrop Fryslân
Ek iensidige ûngelokken wurde meinaam yn de telling. Sa kaam der op 16 april bygelyks in quadrider om it libben doe't hy yn Menaam mei syn quad yn it wetter bedarre.
Inkeld seis fan de sechstjin slachtoffers wiene sels bestjoerder oft passazjier fan in auto. De oare slachtoffers wiene bygelyks fytser, en ek in bestjoerder fan in trekker kaam om it libben doe't de trekker kantele en hy derûnder bedarre.