Freedsmerk: "Wij zijn van de generatie boerenkool met worst. Dat hou je het langste vol."

21 des 2018 - 15:22

It binne benammen wer de kalkoenen en rolladen dy't by de besikers fan de freedsmerk op it krystmenu stean. Dochs is ek de trend fan wat suniger mei fleis te fernimmen: "Ik wol dêr wat bewuster mei omgean en wat minderje. Ik ha krekt sa'n fega-dinkje hân. Dêr sil ek wol allegear rommel yn sitte, mar dochs..."

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Oaren hâlde mear fan in sober krystmiel: "Wij zijn van de generatie boerenkool-met-worst. Dat hou je het langste vol."

De grienteboer fernimt wol wat feroaringen. Sa is de swiete ierpel populêr wurden: "Froeger wisten we niet wat we der met musten, mar nou make se der fan alles fan, oek lasanje." De blommeman bliuwt mei de feestdagen thús, sûnder drokte: "Gewoan ite, miskien mei wat apartichheden derby." De poelier fertelt krekt dat er mei de krystdagen út iten giet. "Wy ha it drok genôch hân!"

Minsken op de freedsmerk oer harren krystmenu

Fierder wurdt der wokt. "Mar benammen mei griente, ik bin net sa fan it fleis", seit ien dêroer. Mar der wurdt ek goermetten, Sinees iten en pizza optsjinne. "Nee, net út de friezer, by de pizzeria!"

Gerda fan de teedoeken hopet dat it fleis fan sketten guozzen en bisten út de Oostvaardersplassen net fergriemd wurdt. "Dat kinne we dizze dagen better opite, oars is it skande, no?"

Trefwurden: 
freedsmerk krystmenu
(Advertinsje)
(Advertinsje)