It âlde suvelfabryk yn Aldegea wurdt sloopt

It âlde suvelfabryk yn Aldegea Smellingerlân wurdt sloopt. De wurkgroep 'Doarpsplein oan it Wetter' út it doarp en de gemeente hawwe alle opsjes op in rychje setten en binne ta dizze útkomst kaam. It kolleezjebeslút slút hjir op oan.
© Omrop Fryslân

Wol erfgoed, gjin monumint

It suvelfabryk is wol erfgoed, mar it is gjin ryks-, provinsjaal- of gemeentlik monumint. Yn ferbân mei de minne steat fan it gebou wurdt der net safolle heil mear sjoen yn it behâld fan it âlde fabryk. It doarp hopet dat mei de sloop fan it suvelfabryk kânsen ûntstean foar nijbou tichterby de haven.

Undersyk

Foardat de gemeente Smellingerlân it fabryk ek echt slope litte kin, moat der earst ûndersyk dien wurde nei de flearmûzen dy't yn it suvelfabryk sitte. Flearmûzen binne beskerme bisten, der jilde strange rjochtlinen foar it ûndersyk. Dêrom binne de útkomsten pas ein 2019 definityf. De gemeente en de wurkgroep sille in plan meitsje foar it opknappen fan it hiele havengebiet. Dêryn wurdt ek ûndersocht oft der nijbou tichterby de haven komme kin. Hjir is dan wol wer archeologysk ûndersyk foar nedich.