IIshockeyhal Thialf kin yn febrewaris takom jier wer iepen

De iishockeyhal fan Thialf bliuwt oant 1 febrewaris takom jier ticht. Dat hat de gemeente Hearrenfean freedtemiddei bekend makke op in parsekonferinsje. De Van Wijnen Groep fan De Gordyk sil de hal foar febrewaris wer feilich meitsje. Ut de stabiliteitsproef earder dizze wike die bliken dat it in goed beslút west hat om de hal per direkt te sluten.
Iishockeyhal Thialf kin yn febrewaris takom jier wer iepen
De hal is net stabyl en ûnfeilich. De hal kin wol wer feilich makke wurde, mar dat duorret dus hast oardel moanne. De sluting hat grutte gefolgen foar de iishockeyers fan de UNIS Flyers, dy't gjin thúswedstriden spylje kinne. Foar de trainingen is earst útwykt nei de Elfstedenhal yn Ljouwert, foar de wedstriden yn jannewaris moat dat no ek.
Boargemaster Van der Zwan fan Hearrenfean wol no mei de Flyers oerlizze oer 'stipe en kompensaasje' om te foarkommen dat de klup grutte finansjele swierrichheden krijt omdat se net yn de eigen hal telâne kinne. Foarsitter Hoekstra fan de Flyers is bliid dat der no dúdlikheid is oer hoe't it komt mei de hal, al fynt er it wol ferfelend dat de klup der pas oer fiif wike wer gebrûk fan meitsje kin.
De iishockeyhal fan Thialf wurdt test © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Boargemaster Tjeerd van der Zwan fan Hearrenfean
Unôfhinklik ekspert Geert van Oost