Drankkontrôles plysje Ljouwert yn ferbân mei krystborrels

De plysje yn Ljouwert hat yn de nacht fan tongersdei op freed rûnom yn de stêd alkoholkontrôles hâlden. Dit yn ferbân mei de krystborrels dy't hâlden waarden. Hast 200 minsken moasten meiwurkje oan in blaastest.
Drankride © Shutterstock.com
Seis automobilisten moasten mei nei it buro foar in twadde test. Twa fan harren hiene safolle drank op, dat se it rydbewiis ynleverje moasten. Ien fan de oanhâlden bestjoerders hie gelok: út de test yn it plysjeburo die bliken dat hy krekt te min drank hân hie om in proses-ferbaal te krijen. De plysje warskôget dat se mei de kommende feestdagen ekstra drank- en drugskontrôles hâlde sille.