Swarte sifers, mar dochs soarchlike situaasje by SC Hearrenfean

21 des 2018 - 13:11

Sportklup Hearrenfean hat it lêste seizoen 6,1 miljoen winst behelle. It seizoen dêrfoar wie dat noch 1,5 miljoen euro ferlies. Dizze sifers binne werom te sjen yn de jierrekken fan it seizoen 2017/2018, dy't Hearrenfean freed bekend makke hat. De winst liket moai, mar sûnder transfers soe Hearrenfean in ferlies ha fan 5,8 miljoen euro.

It Abe Lenstra Stadion - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Hearrenfean ferkocht ferline seizoen in flink oantal spilers. Benammen de transfers fan Jeremiah St. Juste (Feyenoord), Joost van Aken (Sheffield Wednesday), Dennis Johnsson (Ajax) en Sam Larsson (Feyenoord) leveren Hearrenfean flink wat jild op.

Ek de transfer fan Denzel Dumfries nei PSV (sa'n 5,5 miljoen) is meinaam yn dizze berekkening. Yn totaal levere dit 17 miljoen euro op. Allinnich de transfer fan Henk Veerman is net yn dizze berekkening meinaam. Dat soarget derfoar dat Hearrenfean folgjend seizoen nei alle gedachten tsjin in ferlies oprint.

Minder tv-jild

De omset is wer keldere. Fan 18,2 nei 16,3 miljoen euro. Dat komt ûnder oare troch minder tv-jild (1,2 miljoen), omdat Hearrenfean op de ranglist oer de lêste tsien jier twa plakken sakke wie. Foar it seizoen 2018-2019 wit Hearrenfean wol dat it wer in plak omheech giet, mei tank oan it achtste plak fan ferline jier, en dêrmei 7 ton ekstra krijt.

Njonken minder tv-jild binne de kommersjele ynkomsten ek omleech gien en binne der minder ynkomsten, omdat der minder taskôggers nei it stadion komme. Dêrneist binne de Feansjop en de haadyngong ferboud en de personielskosten dik twa ton tanaam nei 11,4 miljoen euro.

Eigen fermogen

De winst fan 6,1 miljoen is folslein taheakke oan it eigen fermogen. It eigen fermogen fan Hearrenfean is no dik 26 miljoen. Yn 2013 wie it eigen fermogen noch 16,5 miljoen euro, ferline jier wie it 19,9 miljoen.

De likwide middels, it jild wat Hearrenfean fuort ta beskikking hat, is hast fjouwer miljoen leger wurde: fan 8,3 miljoen nei 4,5 miljoen. Benamen dat lêste is soarchlik. De likwide middels ha wol faker sa leech west, mar dat Hearrenfean safolle yn ien jier ynleverje moat, jout soargen foar de takomst. Yn de jierrekken skriuwt Hearrenfean dan ek dat it soargen hat. Sûnder transferbedragen oerlibbet Hearrenfean net.

Tefolle ôfhinklik fan transferynkomsten

Sa skriuwt algemien direkteur Luuc Eisenga, dy't de klup per 1 maart ferlit, yn it jierferslach it folgjende: "We moeten echter strenger waken voor stijgende kosten, omdat we anders nog steeds te veel afhankelijk zijn van transferinkomsten. Alhoewel het aantrekken, opleiden en vermarkten van spelers tot één van de primaire doelstellingen behoort van SC Heerenveen. Het aanjagen van de commerciële omzet, het minimaal vasthouden van mediagelden en de beperking van een aantal kosten dient de leidraad te zijn voor 2018/2019 en daarna."

Ferslachjouwer Roelof de Vries oer SC Hearrenfean

(advertinsje)
(advertinsje)