Beammen Rysterbosk wurde kapt

Natuerorganisaasje It Fryske Gea begjint yn jannewaris mei de lêste faze fan it kappen fan beammen oan de Enkhuizerlaan yn it Rysterbosk. It giet om de lêste 250 meter fan de leane fan yn totaal mear as in kilometer lingte. Der wurde 27 fan de 38 ikebeammen fuorthelle.
© Andries Bakker
De oare njoggen beammen bliuwe stean, omdat der hollen fan flearmûzen en bûnte spjochten yn sitte. It Fryske Gea kapt de beammen omdat, se te âld wurde. Guon beammen binne dêrtroch siik. Takom winter komme der nije ikebeammen foar yn de plak.
Earder hat It Fryske Gea yn 2015 al nije bûkebeammen en yn 2017 nije ikebeammen plante. Distriktshaad Germ van der Burg fan It Fryske Gea seit dat it ûnderhâld nedich is om de leane ek foar takomstige generaasjes te bewarjen.
Germ van der Burg © Andries Bakker
Foar de 27 kapte beammen komme der 80 nije beammen foar werom. De nije leane dy't oanlein wurdt is foar 200 jier. De beammen dy't er no stean binne nei skatting sa'n 150 jier âld, seit Van der Burg.
Germ van der Burg oer de wurksumens yn it Rysterbosk