Sa goed as gjin ferhúsdoazen foar nije publyksromte Súdwest-Fryslân

21 des 2018 - 11:45

De nije publyksromte fan de gemeente Súdwest-Fryslân yn Snits giet al op 2 jannewaris iepen. Je soene dus ferwachtsje dat it dizze dagen drok is mei it ferhúzjen fan guod fan de iene kant fan de Marktstrjitte nei de oare, mar dat is net sa. De nije wize fan wurkjen soarget derfoar dat de amtners sa goed as sûnder doazen of papieren oer kinne.

Ferhuzing publykssintrum Súdwest-Fryslân

Yn stee dêrfan binne der in soad amtners al oan it wurk en oefenet it balypersoniel de nije wurkwize op elkoar. Dy nije wurkwize hâldt foar de boargers yn dat sy allinnich foar lytse saken sa delkomme kinne, mar foar in soad saken earst in ôfspraak meitsje moatte. Dêrtroch hoege minsken net mear op harren beurt te wachtsjen.

De wize wêrop't it nije sintrum funksjonearret, is ôfsjoen fan de gemeente Den Bosch. De klanten wurde ûntfongen troch in gastfrou of -hear en der komt in 'snelbalie'. Fierders is it in iepen romte wurden. "De medewerkers zitten niet meer achter glazen raampjes, het is een open werkplek", seit wethâlder Erik Faber fan Súdwest-Fryslân.

Harkje nei de bydrage fan ferslachjouwer Remco de Vries

(Advertinsje)
(Advertinsje)