Presintaasje takomstplannen klimaatakkoart

21 des 2018 - 11:19

De ûnderhannelers foar it klimaatakkoart sille freedtemiddei mei-inoar harren takomstplannen presintearje. Yn it klimaatakkoart moatte ôfspraken stean dy't derfoar soargje dat de útstjit fan broeikasgassen yn 2030 mei 49 persint fermindere is. Guon partijen binne it lykwols net iens mei it akkoart sa as it der no leit. Sy wiene net oanwêzich by de presintaasje derfan en sille harren hantekening der ek net ûnder sette at it net ferbettere is.

Foto: ANP

Hielendal kompleet is de presintaasje dus net. Under mear de miljeubeweging hat de hannen fan it ûntwerpakkoart ôflutsen. It akkoart is lang net goed genôch, sizze meardere miljeu-organisaasjes. Konkreet fine se dat der mei it bedriuwslibben - de yndustry -hurdere ôfspraken komme moatte. In lêste petear tongersdei mei minister Eric Wiebes oer de striidpunten hat net genôch oplevere, fine se.

"We fine dat dejinge dy't de fersmoarging feroarsaket der úteinlik foar betelje moat. We murken dat de yndustry en de regearing dêr net oan woene", seit Hans van der Werf fan de Fryske Miljeufederaasje. "Sy woene gjin CO2-heffing oplizze en ôfspraken dy't se wol makken, wiene sa sêft dat we sizze: wy sjogge hjir gjin perspektyf yn."

Hans van der Werf fan de Fryske Miljeufederaasje

"Waar we nu alleen nog over discussiëren: hoe kunnen we dat zo snel mogelijk bereiken? Die 49 procent gaat door. Dat ligt vast in het regeerakkoord", seit Ed Nijpels, fan it Klimaatberaad. "Geen van de partijen heeft dat percentage ter discussie gesteld. Kortom: we gaan gewoon verder met het werken aan die 49 procent reductie van CO2."

Foarsitter Ed Nijpels fan it Klimaatberaad

(Advertinsje)
(Advertinsje)