Keunstners Haniahof net bliid

08 nov 2011 - 15:55

De plannen foar it Harmoniekwartier binne min nijs foar de bewenners en keunstners yn 'e Haniahof. De kâns is grut dat se der út moatte om plak te meitsjen foar learlingen fan it Friesland College en in nij poppoadium

Se binne moandeitejûn ynformearre troch de gemeente. Yn 'e Haniahof yn Ljouwert sit ek de âldste wengroep fan Nederlân. Dy sit al 25 jier yn it âlde monumintale gebou. Ek by de tritich keunstners dy't hjir harren wurkplak ha is it nijs hurd oankommen. De keunsters en de bewenners fan 'e Haniahof wolle mei de gemeente yn petear om te sjen oft se harren plakje yn it fernijde Harmoniekertier hâlde kinne.

(advertinsje)