Minder swartriders en geweld troch tagongspoartsjes op treinstasjons

21 des 2018 - 10:34

Troch it nije systeem mei tagongspoartjes op de treinstasjons is it oantal swartriders yn de trein folle minder wurden. Dit jier krigen 230.000 swartriders in boete, yn 2015 wiene dat der noch 350.000. In ôfname fan 34 prosint, seit de NS.

Treinstasjon - Foto: Shutterstock.com

Om't der minder swartriders wiene, naam ek it geweld yn de trein ôf. Dit jier wiene der 203 meldingen fan geweld, in jier lyn 280. Der binne wol mear ynsidinten op de stasjons, mar dy binne better te behearskjen as yn de trein, om't plysjes en befeiligers rapper yngripe kinne. Troch de poartsjes fiele reizgers harren neffens de NS feiliger.

Yn Fryslân binne de tagongspoartsjes pleatst op de stasjons fan Ljouwert en It Hearrenfean.

(advertinsje)
(advertinsje)