Súdwest-Fryslân sjocht bernepaintball mei sabeare wapens net sitten

21 des 2018 - 08:59

It bedriuw Skirmworld út Lelystêd is op syk nei lokaasjes yn Fryslân foar in spesjale bernefariant op paintball: Kinderairsoft. Dat is in foarm fan real life gaming, seit Sebastiaan Thie fan it bedriuw. Bern boartsje no foaral online ferskate sjitspultsjes. Mei Kinderairsoft komme se achter it skerm fuort en moatte se echt oan 'e bak.

Airsoft foar bern - Foto: Skirmworld

Sebastiaan Thie fan Skirmworld

In fuotbalfjild yn Aldegea yn Súdwest-Fryslân wie yn de beneaming as lokaasje en der wie oerlein mei ferskate partijen yn it doarp. Boargemaster en wethâlders fan de gemeente hawwe lykwols foarearst nee sein. In mearderheid sjocht it net sitten dat bern mei sabeare wapens omrinne. Dy lykje nammentlik bot op echte wapens.

Boartersguod

"Het is iets wat we landelijk wel tegenkomen", seit Thie. "Het blijft eigenlijk bij de meeste gemeentes een beetje hangen op het gedeelte van het realistisch uitzien van de gamereplica's."

Skirmworld rjochtet him op de doelgroep fan bern dy't dizze games al online spylje. "Die games zijn al dusdanig realistisch dat er voor die kinderen eigenlijk geen verschil meer is. Het zit hem voornamelijk in de volwassenen die daar anders tegenaan kijken. Het spul waar die kinderen mee spelen, valt in Nederland onder speelgoed. Vanaf zeven jaar mogen ze die dingen al kopen in speelgoedwinkels."

Syktocht giet fierder

No giet de syktocht fan it bedriuw nei in geskikt plak fierder. Der rint ek noch in oanfraach by gemeente De Fryske Marren foar in lokaasje op De Jouwer. Ek oare gemeenten wurde noch frege.

(Advertinsje)
(Advertinsje)