Olde Riekerink mei dûbel gefoel nei NAC Breda

21 des 2018 - 08:15

Sportklup Hearrenfean stiet sa krekt foar de winterstop achtste en hat de kwartfinale helle fan it bekertoernoai. Dochs is net alles posityf by Hearrenfean. It fuotbal mei noch wol wat better. "Dat geeft mij een dubbel gevoel. Het is allemaal te wisselvallig en dat moet er uit." Hearrenfean spilet sneon de lêste wedstriid foar de winterstop tsjin NAC Breda.

3-3-4

Hearrenfean spile woansdei tsjin ODIN mei in 3-3-4-systeem en sa spile Hearrenfean snein ek tsjin FC Utrecht de lêste tweintich minuten. "Men zegt dan dat je altijd zo moet spelen, maar zo werkt dat natuurlijk niet. Dan sta je 3-0 achter en geeft de tegenstander misschien vijf procent minder. Of je speelt tegen amateurs. Dat is ook anders."

Doke Schmidt is werom, mar noch net wis fan basisplak

Tsjin FC Utrecht spile Doke Schmidt wer ris yn de basis. Dat kaam doe trochdat Daniel Høegh der net by wie. "Het is niet zo dat ik naar twee weken even een basisplaats eis. Ik vind wel dat ik wat kan bijdragen aan dit team met mijn spel, maar dat laat ik aan de trainer over."

Wierskynlike opstelling: Hahn, Floranus, Høegh, Pierie, Woudenberg, Rienstra, Thorsby, Vlap, Zeneli, Lammers en Mihajlovic.

De wedstriid NAC Breda-Hearrenfean wurdt sneontejûn live útstjoerd op Omrop Fryslân radio. Kommentator is Roelof de Vries en de wedstriid begjint om 19.45 oere.

(advertinsje)
(advertinsje)