Yn Fryslân wurde it minst faak ynbraakclaims yntsjinne

21 des 2018 - 08:08

Friezen tsjinje by fersekerders it minst faak claims yn foar ynbraken. Dat docht bliken út de Risicomonitor Woninginbraken fan it Verbond van Verzekeraars. Der waarden út Fryslân wei ferline jier 45 claims de 10.000 húshâldens yntsjinne. Dat is mear as de helte minder as yn Limboarch en Flevolân, dêr't de measte ynbraakskea claimd waard.

Foarbyldfoto fan in wenningynbraak - Foto: Shutterstock.com

Yn Limboarch waarden yn 2017 op 10.000 húshâldens 109 claims ingediend, yn Flevolân wiene dat der 101. Yn dy lêste provinsje wie ek de lytse delgong yn it tal claims, yn Grinslân wie dy delgong mei 35 prosint it grutst. It tal claims gie yn alle provinsjes nei ûnderen.

Ut de risikomonitor docht ek bliken dat der op freed- en sneontejûn it measte ynbrutsen wurdt. It tal ynbraken is dan gemiddeld 15 prosint heger as op oare dagen. Ek de krystdagen binne populêr by ynbrekkers. Foar dy dagen wurde der gemiddeld twa kear safolle claims yntsjinne as foar gewoane dagen.

Fersekerders krigen ferline jier gemiddeld 166 ynbraakclaims de dei.

(Advertinsje)
(Advertinsje)