Kollum: "De tiid"

21 des 2018 - 07:34

"'De tiid fljocht, flean mei.' Dizze útspraak fûn ik altyd wol moai, mar no tink ik der oars oer. De tiid hâldt ús allegear dwaande en de klok is faak de baas. Ik ha ek wolris heard dat wy sels bepale hoe hurd de tiid giet. Ast it hiel drok hast, dan fljocht de tiid yndied foarby, mar as 't dy ferfeelst, dan wol er mar net om gean.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

En sa fiel ik dat ek. Hoe drokker ik it ha, hoe earder de dagen om binne, mar as ik bygelyks op in boat sit, liket in wykein wol in wike. Wylst der likefolle oeren yn in dei sitte, ha ik amper ferlet om op de klok te sjen en glydzje de dagen foarby mei deselde gong wêrmei't it skip oer it wetter giet. En wat ek helpt om net altyd in race tsjin de klok te hawwen, is libje yn it no.

Ast dyn gedachten beheine kinst ta it hjoeddeiske momint, yn stee fan ivich en altyd te tinken oan eartiids of oan de takomst, dan ferrint de tiid oars. Eckhart Tolle skriuwt der moai oer yn 'De kracht van het Nu in de praktijk'; Meitsje in ein oan de yllúzje fan de tiid. Helje de tiid út it ferstân en it ferstân stiet stil. It ferstân twingt ús om suver hielendal te libjen fanút oantinkens en ferwachtingen mar ast net tinkst, dan bist en oanwêzichheid is de kaai ta frijheid mar dat kin allinnich no.

Der hat noait in tiid west wêryn't dyn libben net No wie en dy komt der ek net. It No is it iennichste dat dy boppe de begrinzingen fan it ferstân tille kin. It is de iennichste manier om tagong krije te kinnen ta it tiid- en foarmleaze ryk fan it Wêzen. Yn it ferline is noait eat bard; it barde yn it No en yn 'e takomst bart ek neat; Foarfallen út 'e takomst komme ek ta stân yn it No.

Foar myn gefoel wurket it ek sa. Ik ha bygelyks ris folslein opfokt yn in fleantúch fan Mexico nei Skiphol sitten en de tiid woe mar net om gean. Dat wiene alve lange oeren en ik wie strontsjegrinich. Doe't wy jierren letter nei Suriname soene, seach ik der sa tsjinoan om wer salang yn it fleantúch te sitten! Mar doe't it safier wie, naam ik my foar om myn ferstân op nul te setten en de flecht mar as in hiele lange meditaasje te sjen. Ik joech my deroan oer en dy tsien oeren wiene samar foarby.

De moaiste útspraak oer de tiid fyn ik dizze; 'Ast tegearre falst mei dysels dan falt de tiid fuort'. Dy ûnderfining ha ik eins altyd as ik skriuw. Dan wit ik betiden net oft it no moarns, middeis of jûns is. Op sokke mominten dochst wat dyn hert dy ynjout en dêr't dyn siel bliid fan wurdt.

No is it jier hast wer om. Foar de iene gong it te hurd en foar de oare wie it miskien wol in lange sit. Besykje dan yn 2019 ris wat faker tegearre te fallen mei dysels. En ast libbest yn it No, dan hâldt de tiid ynienen ek skoft. Dat is in hiel fijn gefoel.

Ik winskje jim allegear noflike dagen ta mar ferjit net dat alles wat we no tefolle ite yn 'e takomst noch wol op 'e heupen sit. Wa 't dat net wol, moat it ferstân al brûke. De wizer fan 'e skeal wurket wat dat oanbelanget itselde as dy fan 'e klok en tegearre falle mei dysels fielt in stik nofliker as de broek net te strak sit."

(advertinsje)