Piet van Dijk leit nei njoggen moanne boargemastersfunkje del

20 des 2018 - 22:39

Boargemaster Piet van Dijk fan de gemeente Aa en Hunze yn Drinte hat syn ûntslach yntsjinne. De 55-jierrige âld-wethâlder fan Opsterlân wie úteinlik mar 37 wiken aktyf as boargemaster yn dy gemeente. Offisjeel leit Van Dijk syn funksje op 1 jannewaris 2019 del.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Yn maaie melde de boargemaster him siik fanwege 'problemen yn de priveesfear'. No erkent Van Dijk dat it net matchte mei de oare kolleezjeleden en dat dy sitewaasje him siik makke. De ôfrûne moannen is him dúdlik wurden dat de kâns om as boargemaster yn dizze gemeente te slagjen der eins net mear is.

"Dan kom je ta de konklúzje dat it better is dat dêr in oar sit", seit er. Piet van Dijk is bot teloarsteld, mar seit grif op 'e nij in kâns te weagjen earne oars as boargemaster oan de slach te kommen.

Piet van Dijk

(Advertinsje)
(Advertinsje)