Jild foar in ferskaat oan Fryske kultuer- en natuerprojekten

20 des 2018 - 22:00

It Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân jout goed 80.000 euro subsydzje oan 33 kultuer- en natuerprojekten yn de provinsje. Sa krijt de Afûk twatûzen euro foar de publikaasje fan it stripboek 'Fete' troch striptekener Skelte Braaksma. It is in stripferhaal oer de striid tusken de Skieringers en de Fetkeapers yn de midsiuwen, mei de Fryske frijheid as belangrykste ynset.

Foto: Afûk

Fierder krijt de fûgelwacht fan Aldeholtpea fjouwertûzen euro foar de bou fan in driuwend fûgelbriedeilân foar bedrige fûgelsoarten yn natuergebiet de Lendevallei.

En it Jopie Huisman Museum krijt twatûzen euro foar de útstalling 'Geschenk uit de Hemel, moeders en vaders door Friese ogen'. Dat is in útstalling mei portretten fan heiten en memmen, fan Jopie Huisman sels, mar ek fan oare keunstners.

(Advertinsje)
(Advertinsje)