Terp fan Boalsert wurdt al mear as tûzen jier bewenne

20 des 2018 - 21:51

It gebiet by it eardere stedhûs fan Boalsert wurdt al goed tûzen jier bewenne. Dat docht bliken út it archeologysk ûndersyk dat de ôfrûne wiken dien is. Dêrby kaam in terp oan it ljocht út de tsiende iuw. Dêrneist binne der wol spoaren fûn dy't noch âlder binne, mar fan bewenning wie doe gjin sprake.

Foto: Tonnie Siemonsma

"Voor de tiende eeuw werd het gebied al wel gebruikt", sa seit gemeentlik archeolooch Yvonne Boonstra, fan de gemeente Súdwest-Fryslân. Dat is neffens har te sjen oan de fertrape grûn. Dêrmei is dit wol in âld stik fan Boalsert, mar noch lang net it âldste. Dat leit in stikje fierderop by de Martinitsjerke. Dêr waarden by earder ûndersyk fynsten dien dy't goed twatûzen jier âld binne.

By it ûndersyk binne neist de terp ek fûneminten oan it ljocht kaam fan huzen, in tsjerke en wetterputten. Neffens de gemeentlike archeolooch hawwe se troch de fynsten in folle dúdliker byld fan hoe't Boalsert him ûntwikkele hat.

Foto: Tonnie Siemonsma

Sa is ûnder oare te sjen dat de terp nei ferrin fan tiid groeide, mar dat der op in bepaald stuit ek bûten de terp wenne waard. Sa binne der oanwizings fûn dat der in oanlissteger wie en wâlbeskoeiïng dy't mooglik de earste oanset wie foar de hjoeddeiske grêft oan de Wipstrjitte.

De meast opmerklike fynst wie in soarte fan hunebêdstien mei in ring. Dizze ring wie nei alle gedachten om skippen oan fêst te lizzen. De stien komt út Skandinavië en is fan deselde soart as dy't yn Drinte brûkt binne foar de hunebêden.

It ûndersyk giet yn jannewaris fierder.

Trefwurden: 
Boalsert archeology terp
(Advertinsje)
(Advertinsje)