Fryske gemeenten komme mei kampanje foar feilich karbidsjitten

20 des 2018 - 20:53

Yn in soad Fryske gemeenten kinne karbidploegen op âldjiersdei mei in fergunning sjitte. Ek de gemeenten Dantumadiel, Dongeradiel, Kollumerlân en Ferwerderadiel dogge mei oan it projekt 'Wa is de BOCK?' en hawwe foar sechstich plakken yn de gemeenten fergunnings ôfjûn. BOCK stiet yn dit ferbân foar Bewust Oplettende Carbid-Knaller.

Wa is de Bock? - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

De kampanje is oarspronklik in inisjatyf fan Brandwondencentrum Groningen, Brandweer Drenthe en Stichting Carbidschieten Drenthe. It wurdt stipe troch de Nederlandse Brandwonden Stichting, ferskate Fryske gemeenten en de Feilichheidsregio Fryslân.

Plattelânstradysje behâlde

Boargemaster Klaas Agricola fan Dantumadiel is ien fan de motoaren efter it inisjatyf. Neffens him is de aksje bedoeld om dizze plattelânstradysje te behâlden, troch it sjitten feiliger te meitsjen.

In fergunning wurdt allinnich ôfjûn foar plakken dêr't de oerlêst beheind is en foar groepen dy't har oan in tal spulregels hâlde wolle. Dy regels hawwe te krijen mei de lokaasje, it materiaal, de wize fan oanstekken en de beskikberens fan feilichheids- en EHBO-materiaal.

Wa is de BOCK?

(Advertinsje)
(Advertinsje)