Gouden tiden foar studinten dy't harren rjochtsje op duorsumens

08 jan 2019 - 17:34

It binne gouden tiden foar de jongerein dy't in fak leart op it mêd fan duorsumens. Dat seit Roeland Westra fan it Centrum Duurzaam Friesland fan de Friese Poort. Dit sintrum leveret fakminsken foar bou- en ynstallaasjebedriuwen op it mêd fan duorsumens.

It bedriuwslibben en de Friese Poort wurkje nau gear om jongeren hjir entûsiast foar te meitsjen en om harren op te lieden. Fan dat soarte minsken is nammentlik in soad ferlet by bou- en ynstallaasjebedriuwen. In grut diel fan de jongerein is noch hieltyd net ynteressearre yn de technyk.

Mar troch gearwurking mei it bedriuwslibben en troch nei vmbo-skoallen te gean, om promoasje te meitsjen foar de oplieding, slagget it stadichoan better. It sintrum is no fiif jier iepen. En mei sukses. De jongerein dy't hjir in oplieding docht, is wis fan in baan, seit ynstallateur en dosint Jelle van der Galiën.

(advertinsje)
(advertinsje)