Ynwenners Smellingerlân meie fergees nei Museum Dr8888

20 des 2018 - 20:00

Alle ynwenners fan Smellingerlân meie takom jier fergees nei Museum Dr8888. Fanwegen it Kulturele Haadstêdjier 2018 en ek it drokke jier dêrfoar krije alle gemeentebewenners in frijkaartsje fan it museum, yn gearwurking mei de gemeente Smellingerlân.

Foto: Omrop Fryslân

Museum Dr8888 hat yn 2018 goed 24.000 besikers op de museumlokaasjes ûntfongen. Ek nei it bûtenprogramma fan it museum kamen inkelde tûzenen besikers. It inisjatyf fan it museum wurdt stipe troch de gemeente, mei in bedrach fan 15.000 euro. De tagong is allinnich fergees as minsken harren legitimaasjebewiis meinimme en in bewiis dat se ynskreaun stean yn de gemeente.

"Juist nu, in een tijd van bezuinigingen voor het museum leek het ons goed om met dit soort acties te tonen hoe belangrijk het museum is als schatbewaarder van het DNA van Smallingerland", fertelt direkteur Paulo Martina.

(Advertinsje)
(Advertinsje)