Dokumintêre WAD oer it Waadgebiet beleanne mei Gouden Film

20 des 2018 - 17:18

Mear as hûnderttûzen minsken hawwe yntusken de film WAD fan dokumintêremakker Ruben Smit sjoen yn de bioskoop. De dokumintêre oer it unike ekosysteem fan it Waadgebiet krige tongersdei dêrfoar ek in Gouden Film. Dy priis wurdt útrikt as in film yn de bioskoop it oantal fan hûnderttûzen besikers lûkt.

Foto: WAD

De regisseurs fan de film oer it Waad waarden tongersdei feestlik ferrast mei de priis yn Wageningen. WAD is de earste Nederlânske natuerfilm oer it Waadgebiet; it iennige Nederlânske natuergebiet mei de wrâlderfgoedstatus.

De Fryslân DOK dokumintêre 'De ferbylding fan it Waad' wie yn oktober dit jier te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje.

Trefwurden: 
film bioskoop Ruben Smit Wad
(Advertinsje)
(Advertinsje)