Kultuersektor makket ynhelslach: "Fryslân is noch fris en orizjineel"

20 des 2018 - 16:58

It koe hast net misse mei de oanrin nei dit kulturele haadstêdjier: it tal kulturele ûndernimmers is de lêste jierren bot tanaam. Dat docht bliken út sifers dy't Omrop Fryslân opfrege hat. Muzikanten, teätermakkers, grafysk ûntwerpers of filmmakkers. Se sjogge kânsen hjir. Mar it gefaar driget dat -nei dit kulturele haadstêdjier- elkenien fuort giet. "Alle ogen zijn op Friesland gericht, we moeten nu doorpakken." Dat is de missy fan Marleen Nagtegaal, kultureel ûndernimmer.

Troch Wendy Kennedy

Ljouwert hat measte groei

It tal kulturele ûndernimmers yn Ljouwert is de lêste jierren bot tanaam. Op dit stuit telt Ljouwert 910 kulturele ûndernimmers. Fiif jier lyn wiene dat der noch 542. Dat is in taname fan 68 prosint. Ek yn Fryslân (+63 prosint) en yn Nederlân (+56 prosint) is it tal kulturele ûndernimmers grutter wurden, mar dizze groei wie minder grut. De grutste groei sit yn de kommunikaasje en grafysk ûntwerp: in groei fan 238 prosint. Op it twadde plak it meitsjen en útjaan fan lûdsopnamen: in groei fan 114 prosint.

"Maken maken maken"

Marleen Nagtegaal is skriuwster en wurket as literatuerprogrammeur foar it Explore the North. Se is oardel jier lyn fanút Grinslân nei Fryslân ferhuze. Se sjocht kânsen yn Fryslân, mar sjocht it ek as in missy om de kommende tiid troch te pakken. Neffens har is elkenien yn dit kulturele haadstêdjier wekker wurden, mar is der noch in soad wurk te fersetten. "Er is nog een groot gat na de opleiding. Je bent klaar en dan? Het is belangrijk om meters te maken."

Se fynt dat der yn Fryslân folle mear makke wurde moat. "De makers staan te springen, maar veel geld gaat naar instituten en het behoud van taal en cultuur in plaats van het ontwikkelen en het maken van nieuwe dingen."

Marleen is belutsen by festival Explore the North, dat dwaande is om ek in produksjehûs te wurden.

Marleen Nagtegaal, literatuerprogrammeur Explore the North by in gedicht fan Eeltsje Hettinga. - Foto: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

Fan Amsterdam nei Fryslân

Akteur en filmmakker Fabian Jansen sjocht ek in soad mooglikheden yn Fryslân. Hy is seis jier lyn fanút Amsterdam nei Fryslân ta ferhuze. "Hier vind je de tijd en rust om creatief te zijn en is er grote bereidwilligheid om projecten te ondersteunen. Er is een tijd geweest dat Friezen heel druk waren hun eigen culturele stempel te vinden en dat is gelukt. Nu zou de focus meer moeten liggen op het naar buiten toe treden en daar heb je ook mensen van buiten voor nodig." In soad wat hjir makke wurdt moat ek bûten Fryslân toand wurde, sa fynt hy. "Aan de rest van Nederland en Europa."

Leechrin nei it Westen?

Kulturele ûndernimmingen, plakken om inoar te moetsjen, genôch publyk en finansjele stipe. Dit binne wichtige betingsten foar in goed kultureel klimaat, neffens Robert Bangma, direkteur fan de Popakademy yn Ljouwert. Hoe't de takomst der útsjocht foar kulturele ûndernimmers yn Ljouwert? "De stêd hat him dit jier goed op de kaart setten, mar moat net in te grutte broek oanlûke. It is gjin Amsterdam of Utrecht.'' It falt neffens him net foar te kommen dat kulturele ûndernimmers úteinlik ek wer nei it Westen tasette. "Dêr sit it jild."

Fansels sitte it jild en de fasiliteiten yn Amsterdam, sjocht ek Fabian. Hy fynt dan ek dat de provinsje no pioniere moat en nóch gruttere stappen sette moat. Marleen fernimt júst dat fûnsen hieltyd mear ynteressearre binne yn it Noarden. "De focus ligt heel erg op Amsterdam en men is op zoek naar iets nieuws. In het Noorden heb je verhalen met een origineel geluid en dat spreekt aan." Robert sjocht dat ek wol. "Kreativelingen sykje ek wol de perifery op sa as Ljouwert, dêr't noch in soad te ûntdekken falt. Yn Amsterdam ape se inoar in soad nei, dat hast hjir net."

Fokus Noarden

Robert sjocht yn 'e praktyk dat syn eigen studinten fan de Popakademy yn Ljouwert foar in grut part op de stêd Grins oriïntearre binne. "Foar harren projekten trede se faak op yn Grins. Dêr hast wol in stik of acht poadia dêr't it kin, en hjir mar ien: Neushoorn." Wat ek net helpt is dat der út it publyk yn Grins wei folle mear ynteresse is as út Ljouwert wei. "Dat is spitich."

Marleen hat hiel even neitocht om fuort te gean út Fryslân. Dat komt om't se noch net wit oft it produskjehûs fan Explore the North trochgiet. "Ik kreeg klussen aangeboden uit Brussel en Amsterdam, maar heb nee gezegd. Want als het productiehuis doorgaat, zou ik geen tijd meer hebben om door te gaan met wat we allemaal hebben opgebouwd." Se heart faak dat it no oan de folgjende generaasje is, de jonge makkers. "Maar dan moet je er nu ook voor gaan staan, in ze investeren, ze kansen en plekken geven."

Jild

Foar kulturele haadstêd is de lêste jierren 80 miljoen euro útjûn. Provinsje Fryslân stelt foar sawol 2019 en 2020 jierliks twa miljoen euro ekstra beskikber foar kultuer. Fierder hawwe kulturele organisaasjes yn Fryslân plannen lizzen dy't 90 miljoen euro kostje. Foar 60 miljoen euro is al dekking fûn, sa falt te lêzen yn it rapport 'Wij zullen doorgaan', mei hjiryn plannen foar 2019 en 2020.

De Steaten hawwe woansdeitejûn grien ljocht jûn foar in nij kultuerbelied. Der wie yn it foar in soad krityk op it earte foarstel. De fokus soe tefolle op toaniel en de popkultuer lizze. De oannommen beliedsnota is op guon punten oanpast. Sa is net allinnich de popmuzyk in spearpunt, mar muzyk. Dat is folle breder.

(advertinsje)
(advertinsje)