Harns is krystkaartehaadstêd fan Fryslân

20 des 2018 - 16:42

Hasto de krystkaarten foar dit jier al de doar út? En hast tafallich in kaartsje stjoerd nei dyn âldomke, beppe of nichtsje yn Harns? De measte krystkaarten yn Fryslân waarden yn 2017 nammentlik ferstjoerd nei minsken yn Harns. Dat docht bliken út it jierlikse krystkaarte-ûndersyk fan Greetz, it online platfoarm foar it ferstjoeren fan kaartsjes en oare attinsjes.

Foto: Greetz

De measte krystkaarten yn de provinsje Fryslân waarden yn 2017 dus ferstjoerd nei Harns. Op it twadde plak stiet It Hearrenfean. Dêrnei folget Ljouwert.

Twadde plak

Lanlik sjoen stiet Fryslân op it twadde plak. Op ien provinsje nei wurde de measte krystkaarten ferstjoerd nei adressen yn Fryslân. De ynwenners fan Drinte lykje it populêrst. Sy ûntfongen, foar it twadde jier op in rige, de measte krystkaarten fan it hiele lân. De top trije wurdt ôfsletten troch Grinslân.

De Limboargers lykje de minste krystkaarten te ûntfangen. Sy stean ûnderoan op de list.

Wa stjoert de kaartsjes?

It sil net fernuverje dat de measte kaartsjes yn Nederlân ferstjoerd wurde troch froulju. Mar leafst 77 persint fan bêste winsken wurdt troch froulju op de bus dien.

Krystkaartsjes lykje hip!

De ferstjoerders wurde elts jier jonger. Sa is in tredde fan de ferstjoerders jonger as 35 jier. Goed de helte is tusken de 35 en 54. Mar 13 persint is âlder as 55 jier. Yn dy lêste leeftiidskategory wie dat it jier dêrfoar noch 34 persint.

(advertinsje)
(advertinsje)