Wat oars mei de krystdagen: it krystresept fan Masterkok Albert Kooy

Wat stiet der dizze krystdagen op it menu? It is in fraach dêr't tûzenen Friezen oer stinne, of noch oer stinne sille. Feit is dat yn de resepten dy't supermerken yn harren tydskriften sette hieltyd faker fegetaryske gerjochten foarkomme. Ut ûndersyk fan Wakker Dier docht bliken dat yn it krysttydskrift fan de Albert Heijn bygelyks mear fegetaryske resepten steane (33) as fleis of fisk-resepten (19).
© Omrop Fryslan
Masterkok Albert Kooy is kritysk op de resepten foar krystdagen. "Als mensen mij vragen, hebben jullie ook een kerstmenu, dan vraag ik de mensen, wat is dat dan? Een kerstmenu? Ik vind dat overtrokken. Met de kerstdagen moet je niet te lang in de keuken willen staan maar de tijd die je hebt besteden aan bijvoorbeeld je familie!"
Foar dejinge dy't wol hiel graach wat tiid yn de keuken trochbringt om wat moais op tafel te setten, hat masterkok Albert Kooy in resept mei ús dield.

Hite bliksem mei fegetaryske hasjee

Hite bliksem baltsjes, griente pickles, hasjee fan shii-take en reade biten puree
Foar fjouwer persoanen
© Omrop Fryslan
Yngrediïnten hite bliksem baltsjes
100 g ierappels
50 gr Elstar
50 gr Goudreinen
10 gr. boerebûter
sâlt
aaidjerre
2 aaiwiten
cornflakes panearmoal (cornflakes yn de keukenmasine fyn draaie)
Oanwizings Sied de ierappel gear en meitsje hjir puree fan. Bring op smaak mei sâlt en mjuks it mei de aaidjerre.
Skyl de apels en snij dizze yn fine brunoise. Gear de apels yn boerebûter. Mjuks de puree mei de apel en meitsje op smaak. Helje de boltsjes troch it aaiwyt en it cornflakespanearmoal. Frituer it in minútsje.
Yngrediïnten foar Bitepickles
400 g seane reade bytsjes
0,5 el gembersjerp
1 ytleppel natuerjittik
20 g snippere selotsjes
biezelok
piper en sâlt
Oanwizingen
Snij de seane reade bytsjes yn partsjes fan 2 sm by 2 sm. Mjuks de gembersjerp mei de jittik. Mjuks hjir de bytsjes en de selotsjes trochhinne. Bring op smaak mei piper en sâlt. Bestrui it mei fyn sniene biezelok.
Yngrediïnten foar hasjee fan shii-take
350 g snippere sipel
100 g palmsûker
150 g shii-take
5 laurierblêdsjes
1 dl wetter
1 dl soajasaus
1 ytleppel ierdappelsetmoal
Oanwizingen
Bring de sipel, palmsûker, laurierbledsjes yn it wetter mei de soajasaus oan it sieden. Lit it 15 minuten trochsiede, dêrnei silje en kâld bewarje= hasjee ketjap.
Snij de shii-takes yn plakjes en helje se troch it ierappelsetmoal. Frituer de shii-takes op 180°C, oant se ferkleurje. Lit se dêrnei útlekke op in stikje keukenpapier. Foar it ôfmeitsjen fan it gerjocht de shii-takes frituere oant se krokant binne. Yntusken trije ytleppels fan de saus yn in koekpanne ferwaarmje, en krekt wat ynsiede litte. Dan de shii-takes út de frituer helje en wer goed útlekke litte, dêrnei mei de hasjee ketchup glasearje.
Yngrediïnten foar apelsmotssjelei
500 g Elstar
250 g Granny Smith
20 cc sitroensop
50 g sûker
40 g wetter
2 g sâlt
8 g agar agar
Oanwizings
Sied alle yngrediïnten útsein de agar agar gear yn in panne. Draai de apels dan fyn yn in keukenmasine. Doch dêr de agar agar by, en draai alles noch in kear goed trochinoar, en silje de apelpuree.
Garnituer
Jonge frisse slaadbledsjes
Bledsjes fan de biten
Túnkrûden lykas dragon, biezelok en piipkrûd
Servearje
Frituer de baltsjes, en glasearje de shii-take. Yntusken de apelgelei op de pannen spuitsje, lis hjirop de bitepickles, de hite bliksem baltsjes en de shii-take, garnearje mei jonge slablêden en túnkrûden.